Minnertsgea wint Bûnspartij yn Frjentsjer

Minnertsgea is moandei winner wurden fan de Bûnspartij yn Frjentsjer. Yn de finale wiene Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra te sterk foar Grou mei Martijn Olijnsma, Dirjan Bouma en Alle Jan Anema. Grou krige gjin buordsje oan de telegraaf, al waard wol fjouwer kear de stân 6-6 berikt. De partij einige úteinlik yn 5-0 en 6-0.
Minnertsgea pleatste him foar de finale troch yn de heale finale te winnen fan Sint-Jabik, Grou wûn yn de oare heale finale fan Winsum. Foar Sint-Jabik en Winsum betsjutte dat de tredde priis.
De grutte favoryt Bitgum ferlear al op de earste list fan Boalsert.