360 dûnsje foar it goede doel

Mear as trijetûzen bern út de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe tongersdei dûnse foar it goede doel. Se diene mei oan de rekôrpoging 'Doe De Three Sixty'. Ynstânsjes wolle dêrmei omtinken freegje foar bern fan âlden dy't gjin jild hawwe om sportlessen te beteljen.
By 23 skoallen yn Súdwest-Fryslân stiene de pleinen fol mei bern dy't in spesjale dûns ynstudearren. De oanfal op it rekôr wie yn it ramt fan de Nasjonale Sportwike. Dêryn wurdt omtinken frege foar it belang fan sporte foar bern. De sportwike duorret noch oant en mei freed.