Trije kandidaten Fryske hoareka-ûndernimmer

De keuken fan Lauswolt © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Geert Bosman fan Het Gerecht op It Hearrenfean, Harold van Workum fan The Sunset fan it Amelanner Hollum en Norma de Jong fan Norma Serveert yn Grou stride op 24 oktober om de titel fan meast markante Fryske hoareka-ûndernimmer.
Keninklike Hoareka Nederlân hâldt de wedstriid ien kear yn de twa jier. De finalisten presintearje har op 24 oktober yn lânguod Lauswolt yn Beetstersweach oan de sjuery. It publyk is it fiifde sjuerylid. De winner giet troch nei de lanlike finale begjin takom jier yn Amsterdam.