Grinslân jout jild foar ûndersyk nei sintrum oer Waadsee

De Waadsee by Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De provinsje Grinslân stelt 175.000 euro beskikber foar in ûndersyk nei de helberens fan in Wrâlderfguodsintrum Waadsee dat yn Lauwerseach komme moat. It sintrum kin neffens de provinsje in soad toeristen lûke dy't ynformaasje krije oer it Waadgebiet, seehûnen, de Lauwersmar en Skiermûntseach.
It sintrum, dat ien fan de grutste by de kust lâns wurde moat, past neffens de provinsje goed by de ûntwikkeling fan it Lauwersmargebiet. Dêr wurde hieltyd nije fyts- en kuierrûtes oanlein om it oantrekliker te meitsjen foar toeristen.
De komst fan it sintrum stiet al langere tiid op it winskelistje fan de provinsje, seehûnesintrum Pieterburen, Steatsboskbehear, it havenbedriuw en de gemeente De Marne.