Fyftich masinisten en kondukteurs freegje Arriva heger lean

Sa'n 50 masinisten kamen moandei ôf op in oprop fan it fakbûn foar masinisten en kondukteurs VVMC en fakbûn FNV foar in protestbyienkomst by it haadkantoar fan Arriva op It Hearrenfean. De fakbûnen prate al langere tiid oer in nije CAO, mar it sjit net op. Se hawwe moandei in brief mei har easken oanbean.
Brigitta Paas fan fakbûn FNV streekvervoer fynt it wichtich dat de masinisten der lean by krije fanwege it ferantwurdlike wurk dat se dogge mei tige ûngeregelmjittige tsjinsten. De fakbûnen easkje in leansferheging fan 2,5 oant 3%.
De direksje fan Arriva fynt dat tefolle en wol net fierder gean as in leansferheging fan oardel prosint op syn meast. De fakbûnen omskreaunen dat leanbod moandei as 'in foai'.