Ynternasjonaal plan foar beskerming briedfûgels Waadgebiet

In ynternasjonaal plan fan oanpak moat de fûgelstân yn it Waad fan Nederlân, Dútslân en Denemarken ferbetterje. Yn it plan steane oanbefellings om briedfûgels yn de takomst wer goed briede te litten. Simmerdiken moatte iepene wurde foar bettere briedgebieten lykas sâltmoerassen. It behear moat better en de Waadeilannen moatte frij wêze fan rôfbisten.
Neffens it mienskiplik Waadseesekretariaat rint de fûgelstân de lêste jierren stadichoan efterút omdat de fûgels der hieltiid minder goed yn slagje om harren jongen grut te bringen.
Se hawwe lêst fan de hegere wetterstân, de mindere kwaliteit fan briedgebieten en de taname fan it oantal rôfbisten.