Brân yn skuorre en caravan yn Aldegea (Sm.)
Yn Aldegea Smellingerlân hat sneintejûn in brân west. In skuorre en in caravan oan de Garyperwei baarnden út. De brânwacht fan Burgum waard ynset om it fjoer te bestriden. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. Neffens de brânwacht is der gjin asbest by frijkaam.