Lyk spul foar SC Hearrenfean by lêste wedstriid mei Foppe

It is SC Hearrenfean net slagge om it seizoen en de lêste wedstriid foar trainer Foppe de Haan mei winst ôf te sluten. De Feansters spilen sneintemiddei mei 1-1 lyk tsjin ADO yn Den Haag. Foar rêst wie ADO de bettere ploech en yn de 31e minút kamen sy op foarsprong mei in doelpunt fan Havenaar út in penalty: 0-1. Havenaar krige de penalty nei in giele kaart foar Cavlan omdat dy him fêsthold.
Nei rêst spile Hearrenfean better en kaam op likense hichte troch in doelpunt fan Mitchell Te Vrede yn de 51e minút: 1-1.
Mear siet der foar de ploech fan Foppe lykwols net yn.
Nei ôfrin fan de wedstriid wie der noch wol in moai presintsje foar de trainer fan SC Hearrenfean. Foppe de Haan krige fan ADO de wedstriidbal en in gehiel fersoarge wykein yn Den Haag.