Maarten Tjallingii pakt berchtrui yn Giro d'Italia

Maarten Tjallingii fan de Lotto Jumbo-ploech mei sneintemiddei nei de twadde etappe yn de Ronde fan Italië de berchtrui oanlûke. De yn Ljouwert berne hurdfytser wie yn de etappe tusken Nijmegen en Arnhem as earste boppe op de Posbank. Sa pakte er trije punten foar it berchklassemint, genôch om lieder Oscar Fraille foarby te gean.
Tjallingii makke snein foar de twadde dei op rige diel út fan de kopgroep yn de etappe. Hy hie yn 't foar oankundige dat er de berchtrui yn de Giro d'Italia graach pakke woe by de etappes yn Nederlân.
Moandei hawwe de hurdfytsers in rêstdei en reizgje se nei Súd-Italië dêr't tiisdei de fjirde etappe ferriden wurdt.