Alvestêdetocht foar oldtimers foar tritichste kear

Sa'n seishûndert histoaryske auto's en motors diene sneon foar de tritichste kear mei oan de Elfsteden Oldtimer Rally. De start wie yn Wikel. Dêrnei gie it troch de alve stêden en yn Ljouwert waard sels dwers troch de binnenstêd riden.
De Elfsteden Oldtimer Rally waard foar it earst yn 1985 hâlden. Nei tritich jier is it útgroeid ta it grutste oldtimer-evenemint fan ien dei yn Europa. Der meie allinnich ferfiermiddels oan meidwaan âlder as 1950. Dielnimmers komme ûnder oare út Nederlân, Dútslân, België, Frankryk en Denemarken.