UPDATE: Opnij steuring yn draaibrêge by Stevinslûzen

Foar de twadde dei op rige kampt de brêge oer de Stevinslûzen yn de Ofslútdyk mei in steuring. Troch in technysk probleem koe de brêge sneontemiddei net mear ticht. Ferkear hat in dik healoere fêst stien. Om healwei fjouweren hinne koe it ferkear wer fierder.
It is de tredde kear sûnt it begjin fan de moanne dat der in steuring is oan de brêge by Den Oever. Neffens Rykswettersteat hat de steuring fan sneon te krijen mei de waarmte, yn kombinaasje mei de meganyske problemen dy't der al wiene.
"We gaan kijken of we preventief kunnen koelen" seit Patricia Troost fan Rykswettersteat. Der sil yn alle gefallen moarn op it hytst fan de dei in monteur op de Ofslútdyk paraat stean, om in eventuele nije steuring gau te ferhelpen. Oft dy monteur ek nije wike noch op de Ofslútdyk bliuwe sil, is noch net dúdlik. "Daar moet nog naar gekeken worden, dat hangt ook van de temperatuur af", seit frou Troost.