Brêge Den Oever wer iepen, file troch stikkene frachtwein

© Omrop Fryslân
Ferkear fan Fryslân nei Noard-Hollân hat freedtemiddei opnij lêst hân fan in steuring oan de ein fan de Ofslútdyk. Troch in steuring bleau de brêge iepen stean. Dat soarge foar in flinke file. Ferkear waard oanret om fia Flevolân om te riden. Nei hast trije kertier wie de steuring oplost en kaam it ferkear stadichoan wer op gong.
De problemen op de dyk binne dêrmei noch net foarby. Troch in stikkene frachtauto stiet der opnij in file, dit kear fan sa'n 5 kilometer. Fanwegen de auto is de rjochterrydstreek ticht.