Pieter-Jan Postma oan de start fan Finn-WK yn Gaeta

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © : Robert Deaves
Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple giet snein fan start op it WK yn de Olymyske Finn-klasse yn Italiaanske Gaeta. Begjin maart waard Postma noch Europeesk kampioen. Dit WK wurdt it twadde pykmomint foar Pieter-Jan Postma yn oanrin nei de Olympyske spelen yn augustus fan dit jier.
It WK hat in dielnimmersfjild mei mar leafst 83 silers. Postma sjocht út nei it WK yn Italië. De kondysjes binne neffens him hiel oars as aanst yn Rio. Yn Brazilië sil Postma foaral strategysk farre moatte en yn Italië moat hy it wat mear oan it tafal oerlitte.