Ynternasjonaal kongres foar feehannelers yn WTC Ljouwert

Yn Ljouwert wurdt takom wike in grut kongres organisearre foar leden fan sa'n 600 Europeeske feemerken. It kongres fynt plak yn it WTC en is yn hannen fan de Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland yn 'e mande mei in Europeeske koepelorganisaasje foar feemerken (AEMB).
It is bysûnder dat it kongres yn Ljouwert hâlden wurdt. De lêste kear dat Nederlân gasthear wie fan dit jierlikse kongres, wie tsien jier lyn. Doe wie it yn Wolvegea. It tema fan it kongres is 'Wereldvoedselvoorziening in 2050'.
De feehannelers wolle fan ideeën wikselje oer hoe't it komt mei de fraach nei fleis yn 2050. Der komme ferskate sprekkers nei Ljouwert om in lêzing te jaan en mei de leden te diskusjearjen. Under de sprekkers is ek de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema.