Nij Wetsus krijt foarm walfisk
De nijbou fan wetterynstitút Wetsus op it eardere Atoglasterrein yn Ljouwert krijt de foarm fan in walfisk. In groep Fryske arsjitekten hat it winnende ûntwerp makke. It giet om Achterbosch Architectuur en Borren Staalenhoef Architecten út Ljouwert, Jelle de Jong Architecten fan 'e Lemmer en Twa Architecten út Burdaard.
It nije gebou wurdt fjouwer ferdjippings heech. Der kinne twahûndert minsken wurkje. De gemeente Ljouwert is opdrachtjouwer fan it 10 miljoen euro kostjende gebou.
Ljouwert wol útgroeie ta dé Europeeske haadstêd op it mêd fan wettertechnology.