Bakkerij Snits wint priis

Banketbakkerij De Korenbloem yn Snits is útroppen ta learbedriuw fan it jier 2012. De bakkerij krige de titel woansdei, omdat it bedriuw sawol goed op de hichte is wat der yn it bedriuw spilet as op it mêd fan opliedings. It hege nivo fan de wurk- en learomjouwing yn it bedriuw is ek ûnderskiedend, neffens de sjuery.
De ferkiezing 'Learbedriuw fan it jier' is opset troch ferskate partijen út de bakkerijsektor.