Wetterskip mei jildboetes jaan

Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân meie mei yngong fan 1 maaie jildboetes útskriuwe. It giet om in lanlike wet dêr't it wetterskip gebrûk fan makket. Der kinne ûnder oare boetes útskreaun wurde foar yllegale loazings en it wurkjen op kaaien sûnder fergunning. Der jilde dêrby ferskillende bedraggen foar partikulieren en bedriuwen.
Oant no ta koe it wetterskip allinne bestjoerstwang tapasse, om minsken te twingen yllegale saken te herstellen. Dogge se dat net, dan soe in twangsom folgje kinne.