UPDATE: Stikkene doar Lorentzslûs wurdt tiisdei reparearre

© Stefan Postema
Rykswettersteat hat sneon oan de ein fan de middei besletten om mei in driuwend dok tiisdeitemoarn de stikkene doar te ferfangen troch de reservedoar. Earder slagget net om't guon ûnderdielen út oare doarren komme moatte. De ferwachting is dat de grutte slûs tiisdeitejûn wer iepen is.
De Lorentzslûs yn de Ofslútdyk wie sneontemiddei swier skansearre rekke troch in oanfarring. In fiskkotter út Urk wie tsjin de floeddoar fan de slûs oanfearn. De slûs wie krekt folslein renovearre en freedtejûn foar it earst yn seis wiken wer yn bedriuw. De grutte slûs is troch de oanfarring ticht.