''Ein oan Jan Rijdt Rond is spitich''

Janko Krist, bekend fan it programma Hea! fan Omrop Fryslân, fynt it spitich dat der in ein komt oan it programma Jan Rijdt Rond. Freedtejûn wie de lêste ôflevering te sjen op NPO 3. Krist wie dêr fan septimber ôf yn tsjinst. De KRO/NCRV hâldt nei ien seizoen al wer op mei it programma.
Jan Rijdt Rond moast de opfolger wurde fan Man Bijt Hond. Mar it programma kaam net echt fan de grûn. De sjochsifers foelen tsjin en dus is it dien. Krist sil fan takom wike ôf wer te sjen wêze by Hea!.