Utslaande brân yn boereloads by Ternaard
Yn Ternaard hat tongersdei oan it begjin fan de jûn in koarte, útslaande brân west. By in bouboer oan de Pelmûnewei stie in loads yn de brân. Der stie net folle yn it gebou.
Troch rap yngripen wie it fjoer gau ûnder kontrôle. Flak nei sân oere hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle en waard it sein 'brân master' jûn.