Man fan Mata Hari hat ek yn Ljouwert wenne

Rudolph Mac Leod - de man fan Mata Hari - hat ek yn Ljouwert wenne, krekt as syn lettere frou. Dat hat Jan Faber fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert ûntdutsen. Faber die ûndersyk nei wa't wenne hawwe op it adres By de Put 13 yn Ljouwert en kaam de namme tsjin fan de famylje Mac Leod. It hûs waard tusken 1860 en 1862 ferhierd oan de heit fan Rudolph Mac Leod. De famylje ferhuze twa jier letter nei it Súdfliet en dêrnei nei Assen.
Margaretha en Rudolph binne elkoar yn dy tiid net tsjinkaam, Margaretha wie doe noch noch net berne.