Jild foar MFC Skearnegoutum

Der komt in multyfunksjoneel sintrum yn Skearnegoutum. Nei goed tsien jier hat it kolleezje fan Súdwest Fryslân it budzjet fan 3,6 miljoen euro rûn. De gemeenteried moat de ynvestearring noch goedkarre. Begjin 2014 moat de akkommodaasje klear wêze. Yn it gebou komt it doarpshûs, de basisskoalle, in berne-opfang, in fysioterapeut en in hûsdokter. Der is tsien jier oer praat. Begjin 2014 moat it sintrum klear wêze.