Minder bijestjerte troch sêfte winter

De winterstjerte ûnder bijen wie de ôfrûne winter de leechste yn jierren. De stjerte lei krekt wat ûnder de 7 persint, wylst dat yn 2014 noch 10 persint wie, blykt út ûndersyk. It sêfte waar soarge derfoar dat in protte bijen de winter trochkaam binne.
Dochs bliuwe der soargen oer de takomst. Sa is de farroamyt noch altyd in grutte bedriging foar de bij. In oare soarch is de skaalfergrutting yn de lânbou, dit soarget foar minder planten yn greiden en dus minder bijen. Ek de delgong fan it tal ymkers spilet in rol.
It tal ymkers is de ôfrûne jierren fan 12.000 nei 6.000 euro ôfnommen.