Taksybedriuw Klomp fallyt, ferfier Alliade giet gewoan troch

Taksybedriuw Klomp út Ede is fallyt. Dat befêstiget wurdfierder Gerard Akkerman fan Alliade. It bedriuw fersoarget yn Fryslân it ferfier fan de kliïnten fan Alliade, bygelyks nei de deibesteging. It taksybedriuw krige earder al útstel fan betelling. It ferfier fan de kliïnten fan Alliade is neffens Akkerman foar tongersdei en freed garandearre. It UWV betellet foarearst de leanen fan wurknimmers. De banken steane garant foar de brânstof.
Neffens Klomp-direkteur Johan van Praet is de kurator yn petear mei oernamekandidaten, mar it is te betiid om te sizzen oft dat slagget. Yn it wykein wurdt fierder sjoen nei in oplossing. Akkerman seit dat Alliade in needplan klear lizzen hat, as de oername mislearret.