Dokkum krijt in nij krematoarium

De leden fan begraffenis- en kremaasjeferiening Dokkum en omkriten binne moandeitejûn akkoart gien mei de plannen foar in nij krematoarium. Dat komt neist it besteande útfeartsintrum oan de Rûnwei-West yn Dokkum. De begraffenisferiening sil gearwurkje mei eksploitant Respectrum Crematoaria Dokkum.
It gebou krijt in útstrieling dy't past yn it gebiet en wurdt duorsum boud, ûnder oare mei moderne technyske ynstallaasjes en sinnepanielen.