Schuitengat wer goed befarber: giele boeien ferdwine

It Schuitengat rjochting Vliestroom yn de Waadsee is tsjintwurdich sa goed befarber dat Rykswettersteat de giele boeien ferfangt troch gewoane reade en griene. De rûte oer de drompel oan de westkant fan Skylge wie jierrenlang net befarber.
Sûnt in pear jier waard de rûte oanjûn mei giele boeien, wat betsjut dat it bysûnder farwetter is, dêr't beheind fearn wurde kin. Mar út nije mjittings docht bliken dat de slinke no mear as 2,5 meter djip is.
Om't it in natuerlik proses is, dêr't net dúdlik fan is oft dit trochset, hâldt Rykswettersteat de slinke goed yn de gaten.