Soarchgroep Idesta krijt moai rapportsifer fan kliïnten

Yn de wengroep Hallum wurdt 24-oers soarch ferliend oan sa'n 10 bewenners © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De kliïnten fan Soarchgroep Idesta binne hiel tefreden oer de soarch yn de doarps- en stedshiemen fan de organisaasje. Dat hat de soarchgroep troch in ekstern buro ûndersykje litten. De kliïnten jouwe Idesta in sifer dat leit tusken de 8.9 en 9.5, dat sifer leit fier boppe it lanlik gemiddelde fan 8.4. Idesta hat de sifers ferline wike dield mei it personiel en dêrby syn tefredenheid oer de ynset útsprutsen.
Idesta hat no fiif festigings yn Stiens, Hallum, Warkum, Grou en Ljouwert.
Der lizze ek noch plannen foar in soarchplein yn ûnder oare De Westereen, Wergea en Snits.