Skiep besketten mei pylk en bôge op seedyk by Harns

© Facebook, Dierenambulance Dier In Nood
In skiep op de Westerseedyk by Harns is besketten mei in pylk en bôge. De pylk is dwers troch it bist hinne gien. Meiwurkers fan diere-ambulânse Dier in Nood út Peins hawwe snein besocht it noch jonge skiep te fangen, mar dat mislearre. Nettsjinsteande de ferwûningen wist it skiep te ûntkommen.
De eigener fan it bist is op de hichte steld en sil de saak fierders mei de plysje ôfhannelje. De meiwurkers fan de diere-ambulânse roppe tsjûgen op harren te melden.