Ljouwerter rekket ferwûne by stekpartij yn binnenstêd

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan in stekpartij fan sneontemoarn om healwei fjouweren hinne, yn de omjouwing fan it Hearewaltsje en it Hofplein. By de stekpartij rekke in Ljouwerter (21) ferwûne. It slachtoffer waard troch in ûnbekende man yn de rêch stutsen en moast nei it sikehûs om oan syn ferwûning behannele te wurden.
De dieder is neffens de plysje in man fan sa'n 25 jier en 1 meter 80 lang en hie in bloeske mei rútsjes oan. De dieder hie syn hier oan de sydkant opskeard. De oanlieding fan de stekpartij is net bekend.