Nije ynrjochting foar Kazemattemuseum by Koarnwertersân

De earste faze fan de werynrjochting fan it Kazemattemuseum by Koarnwertersân is klear. It museum is sûnt maaie 2015 al dwaande mei de yngripende operaasje. Op freedtejûn krigen de finansiers en sponsors fan it projekt as earste de gelegenheid om de fernijingen te besjen. Yn de earste faze binne it besikerssintrum, twa kazematten, in Dútske bunker en twa Dútske manskipsferbliuwen opnij ynrjochte. Mei de nije ynrjochting wol it museum antisipearje op 'e easken fan dizze tiid.
Yn de nije presintaasje spylje ynteraksje en belibbing in grutte rol. It publyk komt sa mear 'yn' it ferhaal te stean, seit meiwurker Anne van Schepen.