Gytsjerk krijt lang om let nij winkelsintrum

Der is oerienstimming tusken de gemeente Tytsjerksteradiel en Duurzaam Wonen in Drachten oer de realisaasje fan in nij winkelsintrum yn Gytsjerk. Tongersdei binne de keap- en ûntwikkeloerienkomst ûndertekene. De bou kin dêrtroch meikoarten úteinsette.
Wethâlder Schippers fan Tytsjerksteradiel is wiis mei de oerienkomst, omdat it jierrenlang duorre hat foardat de skeppe de grûn yn koe. De earste faze bestiet út ien gebou mei winkels en oare funksjes. Op de ferdjipping fan it gebou komme fjouwer apparteminten.