Offaloven fan Omrin yn Harns wurdt dizze wike wer opstart

Omrin ôffaloven, Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn Harns wurdt meikoarten de ôffaloven fan Omrin stadichoan wer opstart. De oven leit sûnt 1 april stil foar regulier ûnderhâld. Dizze trije wiken binne ek brûkt foar de earste ferbetterings om de oven feiliger te meitsjen. By it opstarten sil no foar it earst it doekefilter brûkt wurde. Ek wurdt op lêst fan de provinsje in ekstra dioksine-mjitting útfierd.
Yn it wykein sil neffens Omrin de earst ôffal wer ferbaarnd wurde yn de oven. Kommende tiid moat bliken dwaan hokker maatregels der noch mear nommen wurde moatte.