VVD is benaud dat projekten yn de knipe komme fanwege KH2018

De VVD-fraksje yn de Fryske Steaten wol dat de provinsje de reguliere kulturele festivals en projekten beskermje sil tsjin de oermacht fan Kulturele Haadstêd 2018. Deputearre Sietske Poepjes soe dêrta spesjaal belied ûntwikkelje moatte wêrtroch't festivals as City Proms, Frysk Strjitfestival en City Jazz Leeuwarden fersekere bliuwe fan har subsydzjes. No driigje dy bûten de boat te fallen, omdat de provinsje it measte kultuerjild foar de Kulturele Haadstêd reservearret.
Fraksjefoarsitter Avine Fokkens is net tefreden mei it advys fan Poepjes oan de gemeenten om ek jild beskikber te hâlden foar de lokale projekten. As foarbyld neamt sy it Ljouwerter ûndernimmersfûns LOF dat no in grutte bydrage oan de KH2018 leveret, wêrtroch't hast neat mear oerbliuwt foar oare partikuliere inisjativen. Fokkens is benaud dat as dizze ûntwikkeling him trochset, dit nei 2018 liede sil ta kulturele earmoede.