Pleatslik Belang Boelensloane wol gjin nije dyk by N358

De Skieding by Surhústerfean © Google Maps
By Boelensloane moat gjin hiele nije dyk komme as ferfanging fan de besteande N358. Dat skriuwt Pleatslik Belang fan Boelensloane yn syn offisjele reaksje oan de provinsje en de gemeente Achtkarspelen. In nije dyk is in te grutte oantaasting fan it kultuerhistoarysk lânskip, fynt Pleatslik Belang.
De bêste oplossing soe dêrom wêze om de besteande dyk te ferbetterjen, bygelyks troch oanslutingen mei besteande diken te skrassen. De provinsje wol de N358 - ek bekend as de Skieding - tusken Surhústerfean en de A7 opnij ynrjochtsje.
De dyk moat feiliger wurde en ek moat it ferkear flotter trochride. Foaral yn de spits is it dreech om de dyk feilich oer te stekken. Fierder ride der ek trekkers op de N358 en dy soargje soms foar lange rigen auto's. De provinsje hat ferskate opsjes útwurke, dêrby binne ek farianten dy't in hiel nij trasee folgje.