Supermerk Jumbo slút populêre trailerhelling yn Harns

© Gemeente Harns
Supermerk Jumbo hat de populêre trailerhelling oan de Spoarstrjitte yn Harns ferline wike sletten. De helling leit op de grûn fan de Jumbo supermerk. In soad boatsje-eigeners brûkten it plak om boatsjes te wetter te litten.
De gemeente Harns hat sels noch twa iepenbiere plakken om boaten yn it wetter te litten: oan de Vluchthaven en oan de Achlumerfeart by de wettersuvering. En der binne noch in pear partikuliere hellings, mar dêr moatte minsken betelje foar it brûken fan de helling.