Van Wijnen blaast betonfabryk Romein nij libben yn

Wenningboubedriuw Van Wijnen sil it eardere betonfabryk Romein op De Gordyk nij libben ynblaze ûnder eigen flagge. It betonfabryk fan Romein gie yn 2011 ticht en dêrnei rekken de gebouwen en it terrein yn ferfal. Van Wijnen is no drok dwaande de boel op te knappen.
Van Wijnen makket enerzjyneutrale wenningen en se ferwachtsje in soad wurk. By it fabryk op De Gordyk sille se de flierren en wanden meitsje. Dat smyt wurk op foar sa'n 15 man.