Sikehûs Sionsberg hat mear oanmeldings fan pasjinten

© Sikehûs Sionsberg
Sikehûs Sionsberg yn Dokkum krijt it hieltyd drokker. Sûnt de iepen dei, no fjouwer wiken lyn, is it tal ferwizings nei it Dokkumer sikehûs mei hast tweintich persint tanaam. Dat docht bliken út sifers fan Sionsberg.
It sikehûs besiket ôfspraken mei medysk spesjalisten binnen in wike yn te plannen en sa de wachttiden sa koart mooglik te hâlden. Neffens finansjeel direkteur Peter Lalkens lûkt dat ek nije pasjinten fan bûten de regio.