Rop om mear hierwenten yn Tytsjerksteradiel

Trije gemeenteriedspartijen roppe Tytsjerksteradiel op om foar mear hierwenningen te soargjen. CDA, FNP en ChristenUnie hawwe grutte soargen oer it besteande oanbod. In soad doarpen hawwe gjin geskikte hierhuzen foar jongerein. Dêrneist moatte der ek hieltyd mear statushâlders - asylsikers mei in ferbliuwsfergunning - oan wenromte holpen wurde.
De fraksjes freegje it kolleezje fan b. en w. tongersdei yn de riedsgearkomste om op koarte termyn mei in plan te kommen, sy tinke dêrby bygelyks oan it ombouwen fan besteande gebouwen.