Mear jild foar oplieding frijwilligers by brânwacht

Der komt mear jild foar de oplieding fan nije frijwilligers by de brânwacht. Dat hawwe de boargemasters binnen de feilichheidsregio Fryslân besletten. It giet yn 2016 en 2017 om sa'n 1,7 miljoen euro ekstra.
It jild is bedoeld foar de oplieding fan nije minsken. Yn Fryslân melde harren mear minsken oan as dat ôfheakje. Lanlik sjoen is dat oars. Hieltyd minder frijwilligers sette harren yn foar de brânwacht. Kommandant Wim Kleinhuis fan de Fryske brânwacht is bliid mei it ekstra jild foar de oplieding fan frijwilligers.
"Dat is nedich, om't der fan it begjin ôf te min jild reservearre is foar de oplieding fan nije minsken. As wy de opliedings net dwaan kinne, dan kinne we de sterkte fan it Fryske korps net op peil hâlde", seit Kleinhuis.
Yn hiel Fryslân binne 1200 frijwilligers by de brânwacht. Dêrnjonken binne der ek noch twahûndert beropskrêften.