Jelle de Jong architekten norminearre foar priis

It tsjerkje fan Klein Wetsinge © Wikipedia
De restauraasje fan it tsjerkje yn it Grinzer Klein Wetsinge troch Jelle de Jong architekten fan De Lemmer is ien fan de acht nominearre projekten foar de publykspriis fan BNA Bêste Gebouwen.
De acht finalisten foar de arsjitektepriis binne keazen út 125 ynstjoerings. De Jong makke fan it leechsteande tsjerkje út 1840 in doarpsmoetingssintrum. Sa wurdt der itensean mei produkten út de regio. De útrikking fan de priis is op 19 maaie.