De Rottefalle krijt twa ton foar nijbou duorsum doarpshûs

It doarpshûs op 'e Rottefalle kriget twa ton fan de provinsje foar de nijbou. Dat meldt it doarp op de eigen webside. It bedrach is heger as dat op rekkene wie. De inisjatyfnimmers fan it nije multyfunksjonele sintrum krije ekstra subsydzje fanwege it duorsume karakter fan de bou.
It nije doarpssintrum komt te stean op it plak fan it eardere doarpshûs. De earste peal is slein op 9 maart. Ein dit jier moat it gebou yn gebrûk naam wurde. De iepening is begjin takom jier.