"Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert moat wer beweechber wurde"
De rop om de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert wer beweechber te meitsjen klinkt hieltyd lûder. It soe in ympuls wêze foar de binnenstêd. Moandeitejûn is der in debat oer de saak.
De Prins Hendrikbrêge foarmet de ferbining tusken it stasjon en it stedssintrum. Skippen en boaten dy't fan de iene kant fan Ljouwert nei de oare wolle, moatte no in hiel ein omfarre. De weriepening fan de brêge soe foar in soad ekstra bestegingen yn de binnenstêd soargje, tinke de inisjatyfnimmers.