Fallisemint foar kleanwinkelketen HoutBrox

© Twitter @RHpleinDrachten
Kleanwinkelketen HoutBrox is fallyt. Ofrûne freed frege it bedriuw al útstel fan betelling oan. HoutBrox hat twa warehuzen en 21 winkels, wêrûnder ien yn Drachten. De fêstigingen bliuwe foarearst wol iepen. Der wurkje goed 500 minsken by it bedriuw.
De kurator hat goede hoop op in trochstart, der hawwe har oant no ta al alve oernamekandidaten melden.