Follybalsters Snits winne nei slop begjin dochs mei 3-2

De follybalsters fan VC Snits hawwe yn de earste finale-play-off tsjin Set Up '65 goede saken dien. Yn de eigen hal wûnen de froulju nei in slop begjin mei 3-2.
De froulju fan Petra Groenland hienen yn de kampioenspûl noch net ferlern yn eigen hûs, mar kamen al gau op in 2-0 efterstân. Mei 25-14 en 25-16 wiene de earste twa sets foar de gasten út Ootmarsum. De Snitsers goed werom mei 25-18 en 25-13. Yn de beslissende fiifde set gong it lang lyk op tusken beide ploegen. Pas nei de 10-10 rûn VC Snits út.
De searje-opslachballen fan Fenna Zeinstra wie úteinliks beslissend, VC Snits makke mei 15-11 dien wurk. It wie de earste wedstriid yn in rige fan fiif mei Set Up '65. Kommende tongersdei giet VC Snits op besite by de tsjinstanner út Ootmarsum.