ONS Boso Snits leit út de noardlike amateurbeker

ONS Boso Snits is útskeakele yn de noardlike amateurbeker. De Snitsers ferlearen sneontemiddei de heale finale mei 2-0 fan Staphorst. Yn Staphorst moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Pas yn de 56e minút wie it raak. In flater fan Ale de Boer wie genôch foar Staphorst om de 1-0 op it boerd te setten. Mei noch fiif minuten op de klok foel it doek definityf foar de ploech fan trainer Richard Karrenbelt, doe't de thúsploech de 2-0 op it boerd sette.
ONS wûn de beker noch yn 2014.