"Fryslân mei wol wat mear omtinken ha foar Fryske befrijing"

Fryslân stiet freed stil by Befrijingsdei. Offisjeel is net 5 maaie, mar 15 april de dei wêrop yn 1945 de measte plakken yn ús provinsje befrijd waarden. En dêr moat mear omtinken foar komme troch de ynwenners fan Fryslân. Dat fynt direkteur Hans Groenweg fan it Fersetsmuseum yn Ljouwert.
Balk is ien fan de plakken yn Fryslân dêr't freed wol stilstien waard by de befrijing fan Fryslân. Trije basisskoallen út it doarp lizze alle jierren op 15 april blommen by it oarlochsmonumint foar fiif omkommen ynwenners fan de gemeente.
Foar it stedhûs fan Ljouwert hinget freed ek de hiele dei de flagge fan de Royal Canadian Dragoons. It is freed eksakt 71 jier lyn dat Ljouwert befrijd waard troch de Kanadezen.