Sittend protest tsjin komst 200 asylsikers nei Wytmarsum

Sa'n tritich Wytmarsumers dienen tongersdeitejûn mei oan in stil protest tsjin de komst fan in azc nei it doarp. Se hâlden mei túnstuollen en klapstuollen in sitaksje midden op strjitte, sadat auto's der mar dreech del koene.
Takom wike nimt de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân in beslút oer de húsfesting fan flechtlingen yn it âlde kleaster en yn in wen-unit yn de tún dêr. B. en w. hawwe by it COA betinge dat se net mear as twahûndert asylsikers krije. Dat fine de demonstranten ek tefolle.
Doarpsbelang hat de polityk tongersdei ek noch in brief stjoerd mei arguminten wêrom't se takom wike tsjin in azc foar twahûndert flechtlingen stimme moatte.