Smellingerlân hellet bannen mei Kiryat Ono net fierder oan

De gemeente Smellingerlân seit de susterbân mei it Israelyske Kiryat Ono net op, mar nimt ek gjin inisjatieven mear om de relaasje te ferstevigjen. Dat wurdt oerlitten oan partikulieren. Ek wurdt der gjin jild foar reservearre op de begrutting. Dat is it foarstel fan boargemaster en wethâlders no't sy de relaasje tsjin it ljocht hâlden ha.
De feriening Drachten-Kiryat Ono is earder al opdoekt omdat der te min animo foar wie fanút de mienskip, mar der is wol wer in nije wurkgroep ûntstien.
Neffens boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân betsjut it foarstel dat der eins neat feroaret oan de wize wêrop't de gemeente omgiet mei de susterbân.