Blue energy komt hieltyd tichterby

De grutskalige opwekking fan enerzjy út de reaksje fan sâlt en swiet wetter op de Ofslútdyk, komt hieltyd tichterby. It bedriuw Redstack dat by Breesândyk in proefynstallaasje hat, krijt it proses hieltyd better ûnder kontrôle. Sa gean de membranen dy't de enerzjy opwekke no folle langer mei as yn it begjin. Eartiids draaide de ynstallaasje mar sa'n fiif dagen op deselde membranen, troch ûnder oare fersmoarging en de oangroei fan pokken. No draait de ynstallaasje al in jier op deselde membranen.
"It proses wurket"
Twa jier lyn is úteinset mei it ûndersyk. Yn dy tiid ha de ûndersikers folle mear greep krigen op it folsleine proses. Sa wurdt der op it stuit al stroom opwekke. Dat is lang net genôch om yn de eigen enerzjy te foarsjen, sa seit Simon Grasman fan Redstack. Mar, sa seit Grasman, it jout al oan dat it proses wurket.
Grut ûndersyk
De kommende tiid wurdt begûn mei in grut ûndersyk nei wat it effekt fan de ynstallaasje is op de omjouwing. Sa moat dúdlik wurde oft it loazen fan swiet wetter yn de Waadsee gefolgen hat. Ek wurdt ûndersocht hoe't foarkaam wurde kin dat fiskjes of oare lytse organismen de ynstallaasje yn sûgd wurde. Yn 2018 moat dat klear wêze.
Dêrnei wurdt begûn mei de bou fan in proefynstallaasje dêr't 1 megawatt oan enerzjy mei opwekke wurde kin. Mei dy ynstallaasje wol Redstack oantoane dat it opwekken fan dizze enerzjy ekonomysk helber is. It is de bedoeling de sintrale dan op te skalen nei ien dêr't 50 megawatt stroom mei opwekke wurdt.