Aldtsjerksters ferromme: der mei boud wurde

Der moatte tweintich nije wenten komme by Aldtsjerk. In part dêrfan is foar starters. De wenten komme yn in omjouwing der't de natoer en de ferbining mei de Alvestêdefarrûte sintraal komme te stean. Dit stiet yn de plannen fan Stifting Aldtsjerk Foarút.
De stifting hat fan de gemeente it foech krigen in eigen plan te ûntwikkeljen oan de râne fan it doarp. Op it stuit binne der genôch belangstellenden. De stifting wol dan ek op koarte termyn oergean ta de oanskaf fan de grûn en in begjin meitsje mei de ûntwikkeling fan de grûn.
Plan
Jierrenlang mocht der yn it doarp net boud wurde. In soad jonge minsken moasten yn de omlizzende doarpen op syk nei geskikte wenromte. Om't de fraach der al wie, hat Aldtsjerk Foarút fan de gemeente Tytsjerksteradiel it foech krigen sels mei in plan te kommen. De stifting tinkt de huzen gau oan de man bringe te kinnen.